Marreprojekt: mear toeristen

31 jan 2008 - 12:24

It Fryske Marreprojekt lûkt no al mear toeristen nei Fryslân, sei deputearre Jannewietske de Vries by de start fan it projekt yn 'e gemeente Nijefurd. It Fryske Marreprojekt sit yn faze ien. Grutte ynvestearings, lykas akwadukten en bettere farrûtes, binne sa goed as klear. No moatte der resultaten komme, dus mear toeristen.

De provinsje docht alle jierren ûndersyk nei it tal toeristen. Dat ûndersyk is no posityf útfallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)