Marrekrite ûndersiket ferdwinen fan marboeien

30 jun 2015 - 08:16

Rekreaasjeskip de Marrekrite ûndersiket de ferdwining fan guon marboeien. Dat binne boeien dêr't je je boat of skip oan fêst meitsje kinne. Dat is fergees, lykas by alle Marrekritelisplakken. It giet om in proef. De wetterrekreanten binne goed te sprekken oer de nije oanlismooglikheid.

Der is lykwols ien grut probleem: der binne ferskate marboeien samar ferdwûn. Neffens direkteur Laurens Touwen wie it te maklik om de boeien los te meitsjen. De Marrekrite nimt no maatregels en sil de boeien steviger ferankerje.

De Marrekrite hat al langer te meitsjen mei stellerij. Ek buordsjes fan de organisaasje binne rôversguod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)