Marregebiet op grutte Bootstand

26 jan 2005 - 12:01

It Fryske Marreprojekt, de Marrekrite en de VVV Fryske Marren komme dit jier mei ien beursstand op Boot Holland yn it FEC. De trije organisaasjes krije in stand fan 200 kânte meter grut, midden yn 'e Friezehal.

Doel is de nije farrûtes fan Fryslân te promoaten, benammen de Middelseerûte. Boppedat is der ynformaasje te krijen oer fytspaden, aktiviteiten op en by de Fryske marren en oare saken dy't wichtich binne foar wettersporters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)