Marokkaanse jonge keard út leger

24 sep 2001 - 00:00

In 16-jierrige Marokkaanse jonge moat ophâlde mei syn oriïntaasjejier foar de Keninklike Lânmacht op de Friese Poort. Dat hat de Keninklike Lânmacht besletten neidat de jonge útlittings fan begryp dien hie oer de oanslaggen yn Amearika.

In baan yn it leger kin er no ferjitte. De skoalle is no yn petear mei de âlden en de jonge sels om te sjen of hy wat oars dwaan kin op de Friese Poort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)