Marneflora ferhuzet nei Dokkum

12 jul 2006 - 10:48

Blombolle-eksposysje de Marneflora sil takom jier april yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum hâlden wurde. Nei 13 jier yn it Grinslanner Warffum luts de bollebeurs hieltyd minder besikers.

Foarsitter Pieter Braaksma fan Ljussens tinkt dat de Marneflora yn Dokkum wol tsientûzen besikers lûke sil. De eksposysje moat dêrnei alle jierren op in oar karakteristyk plak hâlden wurde, lykas yn in tsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)