Marne College wol teaterseal

28 nov 2002 - 00:00

It Marne Collega wol yn Boalsert foar 50.000 euro in teaterseal realisearje. Dy moat komme yn de nijste festiging fan de skoalle. Yn de nijbouplannen wie earder ek al in teaterseal opnommen, mar dêr wie doedestiids gjin jild foar.

De seal moat geskikt wêze foar 200 minsken. Ek moat der in goede klaairomte by. De skoalle freget de gemeente Boalsert om in finansjele bydrage. As de plannen trochgeane, moat de ferbouwing yn 2004 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)