'Marne College op ien lokaasje'

12 jul 2006 - 09:42

De gemeente Boalsert en it Marne College wolle ûndersykje oft it finansjeel helber is om alle opliedings fan de skoalle op ien lokaasje te konsintrearjen. Doel is om oan te sluten by de besteande nijboulokaasje fan it Marne College oan de Skoalstrjitte.

It Marne College hat no trije gebouwen yn Boalsert. Foaral de ferâldere lokaasjes fan it VMBO binne net mear fan dizze tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)