Marleen Kraan foarlêskampioen

09 apr 2013 - 17:09
  • Ien fan de 14 finalisten

Marleen Kraan fan Snits is de nije foarlêskampioen fan Fryslân. Se wûn tiisdei de spannende provinsjale finale yn teater De Skâns op De Gordyk. Twa jonges en 12 froulju kamen yn aksje om út te meitsjen wa't it bêste foarlêze kin. De winner mei op 29 maaie Fryslân fertsjinwurdigje by de lanlike finale yn Utert. Twads waard Dave Oostra fan Noardwâlde en it tredde plak wie foar Meike Snijder út Drachten . De wedstriid waard organisearre troch de biblioteken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)