Marketingpriis foar Ljouwert

10 jun 2014 - 18:10
  • Gemeente Ljouwert

Ljouwert hat de nasjonale Citymarketing Trofee wûn. Wethâlder Sjoerd Feitsma hat de priis tiisdei yn ûntfangst naam yn Den Haach. Ljouwert hat wûn yn de kategory 'stêd oant 100.000 ynwenners'. Yn de kategory boppe de 100.000 ynwenners einige Eindhoven as earste.

Ljouwert naam it yn de finale op tsjin Gouda en Zandvoort. Feitsma is tige grutsk op dizze útferkiezing. Neffens him hawwe de folle hichtepunten - Kulturele Haadstêd, it Glêzen Hûs en de iepening fan it Frysk Museum - der foar soarge dat dizze priis no nei Ljouwert gong is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)