Markearring by wurk op A32

01 nov 2008 - 12:51

Rykswettersteat nimt maatregels op de A32 fan Stienwyk nei Teridzert om de trochstream en feiligens te befoarderjen no't der wurke wurdt oan de dyk. Mei yngong fan sneontemiddei oant healwei desimber is der op de westlike rydbaan de rydrjochting mar ien rydstrook beskikber.

It giet om in min stik dyk oer in ôfstân fan tsien kilometer. Om de rydstroken te skieden wurdt der in izeren markearring brûkt en dêrfoar binne de maatregels nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)