Markante gebouwen fertutearzje

02 jun 2011 - 14:02
  • Stania State leit ek yn Tytsjerksteradiel (foto: Omrop Fryslân)

Karakteristike gebouwen yn Tytsjerksteradiel wurde net goed beskerme. Dat lit de stichting Karakteristyk Tytsjerksteradiel witte yn in warskôging oan de gemeente.

De list fan bysûndere gebouwen yn de gemeente is folslein achterhelle. Hy moat nedich bywurke wurde. De list is bedoeld foar gebouwen dy't gjin offisjeel monumint binne, mar wol beskerming fertsjinje. De stichting freget de gemeente mei te wurkjen oan in nije list.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)