Mark Uth nei Dútske fuotbalklup Hoffenheim

17 jun 2015 - 17:12
  • Mark Uth definityf nei it Dútske Hoffenheim

Sportklup Hearrenfean hat mei de Dútske fuotbalklup Hoffenheim in prinsipe-akkoart berikt oer de oergong fan spits Mark Uth. De 23-jierrige Dútske fuotballer hie sels earder al oerienstimming berikt mei syn nije wurkjouwer.

Uth kaam yn 2012 oer fan FC Köln nei Hearrenfean. Dit seizoen wie er de topskoarder fan de klup, hy makke tweintich doelpunten. Hoffenheim einige dit seizoen op it achtste plak yn de Dútske kompetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)