Mark Uth definityf nei Dútske Hoffenheim

02 jul 2015 - 14:01

De oerstap fan SC Hearrenfean-spits Mark Uth nei it Dútske Hoffenheim is tongersdei definityf makke. De 23-jierrige Dútske fuotballer hat syn hantekening set ûnder in trijejierrich kontrakt by de klup dy't yn de Bundesliga spilet.

Uth kaam yn 2012 oer fan FC Köln nei SC Hearrenfean. Dit seizoen wie er mei tweintich doelpunten topskoarder fan de klup. Hoffenheim einige dit seizoen op it achtste plak yn de Dútske kompetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)