Mark Horsten tredde yn Almere

08 jun 2008 - 15:36

Mark Horsten is sneontejûn tredde wurden by it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen op de dyk yn Almere. De 21-jierrige Haulerwiker wie ien fan de kânshawwers, mar troch in swiere reinbui healwei de koers waard er tredde. Horsten sei dan ek: 'Rein is neat foar my'.

Gary Hekman út Gramsbergen waard Nederlânsk kampioen. Roy Boeve út Kampen waard twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)