Mark de Vries by Suriprofs

12 maaie 2006 - 15:54

Hearrenfean-spiler Mark de Vries spilet no snein mei yn de wedstriid fan de Suriprofs. De wedstriid stiet yn it teken fan goede doelen yn Suriname. Dizze kear is der spesjaal omtinken foar de wettersneedramp dêr.

Tegearre mei ûnder oare Edgar Davids en Nigel de Jong spilet De Vries tsjin in talinteteam út de earste divyzje. Normaal spylje de Suriprofs tsjn de kampioen fan de 1e divyzje. Dat wie troch it wedstriidskema no net mooglik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)