Marjolein bêste foarlêzer

13 apr 2011 - 14:36

De alderbêste foarlêzer fan Fryslân is Marjolein Frank fan basisskoalle De Sprong yn Ljouwert. Sy is de winnnares fan de provinsjale finale foarlêzen. Se lies in stik foar út it boek 'Met mijn ogen dicht' fan Maren Stoffels.

Marjolein moast it opnimme tsjin 176 oare bern fan de Fryske basisskoallen. Yn hiel Nederlân diene mei-elkoar mear as 3000 skoallen mei. Op 25 maaie mei Marjolein ús provinsje fertsjintwurdigje op de lanlike finale yn Utrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)