Marjan Mol wint Gouden Swipe

12 jul 2003 - 00:00

Pikeur Marjan Mol fan Muiderberg hat freed mei har hynder Meina H. de Gouden Swipe wûn. Yn de race op De Jouwer bleau sy Mieke van der Meer en Chantal van Ooijen foar.

It duorre in skoftke foar't de definitive útslach der wie. Ien fan de pikeurs hie in klacht yntsjinne oer it rydgedrach fan Mol. Nei oerlis fan de sjuery waard se dochs ta winner útroppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)