Marius Hendriks nije trainer Drachtster Boys

16 jan 2016 - 17:17
  • Drachtster Boys

Marius Hendriks is de nije haadtrainer fan Drachtster Boys. Hendriks folget Marcel van Buuren op, dy't koartlyn witte liet de Drachsters per direkt te ferlitten om trainer te wurden fan de Sineeske topklup Guangzhou Evergrande. Hendriks wie earder trainer fan Nunspeet, Ljouwerter Sweltsjes, Heerenveense Boys, Grijpskerk, Staphorst en Bedum. Op dit stuit is er trainer by SC Stiens.

Neffens Gijs Lokhorst, foarsitter fan Drachtster Boys, is hy de ideale man om de Drachtsters te lieden.

De Boys steane yn de sneonshaadklasse stiif ûnderoan mei 2 punten út 13 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)