Maritym sintrum Amelân kin los

22 jan 2007 - 22:07
  • De hynders fan de rêdingsboat krije in nije stâl

De wurksumheden oan it maritym sintrum yn Hollum op It Amelân kinne lang om let fan start. Dêrmei komt der in ein oan goed acht jier plannemakkerij. It besteande museum wurdt yngeand ferboud. Der komt boppedat in nije stâl foar de hynders fan 'e rêdingsboat.

Oer it kennis- en ynnovaasjesintrum yn Nes moat noch in beslút naam wurde. De totale kosten fan it projekt binne 9,7 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)