Maritime opliedings by elkoar

16 okt 2013 - 14:23

De Maritieme Academie Holland is de namme fan in nije ûnderwiiskoöperaasje fan maritime opliedings op VMBO, MBO en HBO-skoallen yn Fryslân, Grinslân, Amsterdam en IJmuiden. Foar Fryslân giet it om de opliedings op de maritime akademy yn Harns, de seefeartskoalle op Skylge en de opliedings jachtbou- en maritime technyk op de Friese Poort yn Snits en de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Doel fan koöperaasje is dat de lesprogramma's fan de dielnimmende skoallen better op elkoar oanslute. Saken wurde effisjinter en sinraler regele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)