Maritime Akademy yn Harns sjocht learlingetal flink tanimmen

28 jan 2016 - 16:41
  • Ien fan de ontwerpen foar de ôffalbakken                        -                Foto: SamenFryslânSchoon.frl

De Maritime Akademy yn Harns, dy't freed en sneon iepen dei hat, is op it stuit tige populêr. It komt sels al yn de buert fan it maksimale learlingetal fan 625. Hieltyd mear skoalbern kieze foar in vmbo- of mbo-oplieding dy't harren klearstoomt foar in baan yn de see- of binnenfeart.

De learlingegroei hat mei ferskate saken te krijen. Sa hawwe rederijen wer ferlet fan nije meiwurkers en jout it folgjen fan in oplieding hast altyd kâns op in baan. Ek it feit dat de Harnzer akademy beskikt oer in moderne binnenfeartsimulator spilet mei.

It tanimmend tal learlingen soarget foar útdagings. Sa is it dreech om nije dosinten te finen. Fierder sille der yn de takomst mooglik mear bêden komme. De akademy biedt no húsfesting oan goed 200 learlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)