Maritime Akademy hat nij trainingssintrum yn Harns

04 nov 2015 - 14:10
  • Life boat fan it nije trainingssintrum fan de Maritime Akademy
  • Life boat is gau te wetter.
  • Dirketeur Mintjes yn de life boat fan it nije trainingssintrum.
  • Cockpit fan de life boat.

Mei in nagelnij trainingssintrum kin de Harnzer Maritime Akademy seefeartstudinten yn Noard-Nederlân de ferplichte ynternasjonale feilichheidskursussen jaan. In ynvestearring fan 6 ton. Mar it kin wol út, want oars moasten de kursussen útbestege wurde en dat is folle djoerder.

It is in gearwurking fan alle maritime opliedings yn Noard- en West-Nederlân. Underdiel is in hypermoderne 36-persoans lifeboat-lansearynstallaasje. Mei de trainingslokaasje wurdt ek foldien oan de fraach fan rederijen yn it Noarden nei feilichheidstrainingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)