Maritime Akademy groeit út jas

19 sep 2008 - 18:51

De Maritime Akademy yn Harns hat kontakt socht mei de bouferiening yn de stêd om in oplossing te finen foar it groeiende oantal studinten. Yn 2000 wiene der noch mar 140 learlingen, no binne dat al 400. In grut diel folget de oplieding yntern en hat dus in keamer nedich. Dêrfoar hat de akademy it âlde gebou fan de skoallemienskip Simon Vestdijk hielendal ferboud, mar dat is no al wer te lyts.

Neffens direkteur Mintjes sil der foarearst net wer nij boud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)