Marit & Nigel winne finale Liet

18 sep 2015 - 15:53
  • Marit & Nigel

It duo Marit & Nigel is de winner wurden fan Liet 2015. Mei harren nûmer 'Libbenstier' wisten se de faksjuery te oertsjûgjen. Marit & Nigel meie no Fryslân fertsjintwurdigje by it Europeeske sjongfestival foar minderheidstalen yn it Italiaanske Udine. "Dit hie ik net oankommen sjoen", wie de earste reaksje fan sjongeres Marit.

De finale fan it Fryske sjongfestival waard hâlden yn in spesjale útstjoering fan Noardewyn live en wie streekrjocht te sjen en te hearren by Omrop Fryslân. Alle njoggen finalisten spilen live harren ynstjoering.

It programma stie folslein yn it teken fan it 25-jierrich bestean fan de Stifting Liet ’91 dy’t elk jier it Fryske sjongfestival organisearret. Twads waard Tjitte mei 'Rûntsje rinne'. Neffens de sjuery, dy't bestie út gitarist Willo de Bildt, sjongeres Femke de Walle en muzyksaakkundige Sjoerd Bootsma, wiene it wol in soad romantyske nûmers. Takom jier mei it wol wat urginter, sa waard der sein by it bekendmeitsjen fan de útslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)