Marit & Nigel sjonge op Suns Europe 2015 yn Udine

11 des 2015 - 10:41
  • Marit & Nigel

It is freed in tige spannende dei foar it Fryske muzikale duo Marit & Nigel. Sy fertsjintwurdigje freedtejûn Fryslân op it minderhedesjongfestival Suns Europe yn de stêd Udine. Dat festival wurdt hâlden yn it útferkochte Nuovo Giovani da Udine. Marit & Nigel, de winners fan Liet 2015, komme as lêste fan de 10 dielnimmers yn aksje.

It festival hat in grut ferskaat oan muzykstilen lykas rap út Bretanje, de joikjende suskes Gaup út Sápmi yn Noarwegen, triphop út Karelië en in liet fan de bekende Friûlyske sjonger Loris Vescovo.

Grutste poadium ea

Foar Marit & Nigel is it teater yn Udine it grutste poadium dêr't se ea stien hawwe. Yn it teater leit wol in stikje Fryske muzykskiednis, want Janna Eijer fan Jobbegea wûn hjir yn 2011 Liet International. Oft Marit & Nigel dat súkses werhelje kinne, wite we tsjin tolven.

Livestream

Suns Europe wurdt ek live streamd op de webside fan de organisaasje. Ek docht ferslachjouwer Onno Falkena ferslach fan it festival op omropfryslan.nl en op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)