Marit Bouwmeester wol, Pieter-Jan Postma net yn medaljerace

25 apr 2015 - 22:19
  • Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester hat snein by de medaljerace fan it wrâldbekersilen yn it Frânske Hyères noch kâns op in poadiumplak. De Laser Radial sylster fan Warten helle sneon in tredde en in sânde plak. Se klom dêrmei nei it fiifde plak yn it klassemint. By de medaljerace sile de tsien bêsten en wurdt der wurke mei dûbele punten. De Belgise Evi van Acker stiet rom earste.

Foar Finn-siler Pieter-Jan Postma gjin finale. Postma waard 27e en 15e en sakke fan it fiifde nei it alfde plak. Sneu foar de âld-ynwenner fan Terkaple.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)