Marit Bouwmeester wint wrâldbekerwedstriid silen

14 jun 2015 - 15:22
  • Marit yn aksje

Marit Bouwmeester hat snein de wrâldbekerwedstriid silen yn Weymouth wûn. De Friezinne einige yn de medalrace fan de Laser Radial-klasse as fjirde en hâlde dêrmei genôch oer om Evi van Acker achter har te hâlden.

Al de hiele wike sylde de ynwenster fan Warten goed foar de kust fan Ingelân. Se wûn de earste fiif races en waard twa kear twad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)