Marit Bouwmeester wint Regatta yn Medemblik

30 maaie 2015 - 14:34
  • Marit yn aksje

Marit Bouwmeester hat yn Medemblik de Delta Lloyd Regatta wûn yn de Laser Radial. Se prolongearre dêrmei har titel. Se begong sneon as lieder oan de medaljerace. De ferwachting wie dat har neiste konkurrinte Annalise Murphy út Ierlân it har noch knap lestich meitsje soe, mar dêr slagge se net yn, want se sloech yn de medaljerace om en dêrmei wie elke driging foar Marit har earste plak fuort. De Ierse Murphy bleau wol twadde yn it klassemint, it brûns gie nei de Belgise Evi van Acker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)