Marit Bouwmeester is sechsde

02 sep 2013 - 19:20

Marit Bouwmeester stiet nei twa dagen silen op it Europeesk kampioenskip yn de Laser Radial op it sechsde plak. Yn de baai fan Dublin waard de Wartenster in kear fjirde, tredde, trettjinde (no de ôflûker) en twadde. Annalise Murphy is op har thúswetter op dreef mei trije oerwinnings en in twadde plak. Murphy hat trije punten. De Finse Heidi Tenkanen hat fjouwer. Dêrnei komme trije froulju mei acht punten. Bouwmeester hat njoggen. Totaal wurde der tolve races syld. De twa minste resultaten wurde skrast. Der is gjin medaljerace.

Healwei it EK wurdt it fjild fan sa'n 90 dielnimmers splitst yn de goud en sulver float.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)