Marit Bouwmeester sânde op WK

19 mrt 2008 - 09:43
  • Marit Bouwmeester (argyffoto)

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten stiet nei de foarlêste dei fan it wrâldkampioenskip yn de Laser Radial klasse yn Nij-Seelân op it sânde plak mei 84 punten. Woansdei waarden der trije wedstriden syld. Marit waard 16e, 6e en 35ste. Dat lêste resultaat kin se ôflûke.

Lijia Xu fan Sina, de wrâldkampioene fan 2006, giet mei 45 punten oan de lieding. Mei in bêste lêste dei kin Marit noch klimme yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)