Marit Bouwmeester pakt brûns yn Rio de Janeiro

21 aug 2015 - 21:51
  • Marit Bouwmeester
  • Pieter-Jan Postma (argyf)

Marit Bouwmeester hat by de Olympyske testwedstriden yn Rio de Janeiro dochs noch brûns helle. Bouwmeester begûn yn de Laser Radial klasse op it sechde plak oan de medaljerace. Dy finale tusken de bêste tsien wûn de Wartenster. It goud wie foar de Litouse Gintare Volungeviciute Scheidt. De Belgise Evi van Acker wûn it sulver.

Pieter-Jan Postma begjint sneon as koprinner oan de medaljerace yn de Finn. De Brit Giles Scott sit him op 'e hûd, hy folget op ien punt. Postma wûn de njoggende race en waard tsiende yn de lêste.

De Fin Tapio Nirkko en de Frânsman Jonathan Lobert meitsje ek noch kâns op it earste plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)