Marit Bouwmeester op dreef

15 sep 2009 - 21:20
  • Marit Bouwmeester (argyffoto)

Marit Bouwmeester hat op de twadde dei fan de wrâldbekerfinale yn de Laser Radial beide races wûn. De sylster fan Warten klom yn it Ingelske Weymouth nei it fyftjinde plak. Op de earste dei koe Marit yn de twadde wedstriid troch averij net meidwaan. Dat minne resultaat kin se letter ôflûke.

Ek Pieter-Jan Postma docht it goed. De âld-ynwenner fan Terkaple waard tiisdei tredde en sechsde. Postma stiet no fjirde yn de tuskenstân, mar trije punten achter lieder Giles Scott.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)