Marit Bouwmeester no sânde

18 mrt 2008 - 09:37
  • Marit Bouwmeester (argyffoto)

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten kaam tiisdei opnij mar ien kear yn aksje by it wrâldkampioenskip silen yn de Laser Radial klasse. Yn Takapuna yn Nij-Seelân stie te min wyn. Marit waard yn de fjirde wedstriid 22ste.

Yn it klassemint sakke Marit fan it sechsde nei it sânde plak mei 49 punten. De Frânske Sarah Steyaert giet oan de lieding mei 11 punten. Anneke Bouwmeester stiet op it 79ste plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)