Marit Bouwmeester nimt lieding

16 sep 2014 - 20:56
  • Marit Bouwmeester

Marit Bouwmeester hat mei har oerwinning yn de sechsde race op it WK silen de lieding naam. Omdat it wer stil waar wie op it wetter by Santander yn Spanje kaam de Laser Radial sylster út Warten mar ien kear yn aksje. Bouwmeester hat no 19 punten. Veronika Kozelska Fenclova út Tsjechië is de nûmer twa mei 22 punten, Josefin Olsson fan Sweden is tredde mei 30 punten.

Pieter-Jan Postma kaam foar it earst yn aksje yn de Finn. Postma waard fjirde en bleau dêrnei noch oeren op it wetter. Mar gjin wyn betsjut gjin wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)