Marit Bouwmeester fersteviget lieding yn Weymouth

13 jun 2015 - 18:43
  • Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester hat sneon op 'e nij goede saken dien by de wrâldbekerwedstriden yn it Ingelske Weymouth. De sylster út Warten wûn yn de Laser Radial klasse de fyfde race en einige yn de sechsde en sânde race twa kear as twadde. Dêrmei giet de wrâldkampioene rom oan kop yn it klassemint. Bouwmeester hat in foarsprong fan 15 punten op konkurrinte Evi van Acker.

De sylster fan Warten komt snein noch ien kear yn aksje op de medaljerace en kin dan har gouden plak feilich stelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)