Mariska Kramer wint maraton

14 mrt 2009 - 17:51
  • Mariska Kramer (argyffoto)

Mariska Kramer fan Drachten hat yn it Drintske Diever de tsiende edysje fan de Drintsk Fryske Woldmaraton wûn. Kramer rûn de 42 kilometer en 195 meter yn trije oeren, 14 minuten en 55 sekonden. Sy hie in foarsprong fan 12 minuten en 41 sekonden op Marleen Vos út Lelystêd.

By de manlju waard Eelco Hoogeveen fan Blije twadde. De Grinzer Jerzy Kazemier wie 7 minuten en 39 sekonden rapper as Hoogeveen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)