Mariska Kramer wint FK triatlon

10 jul 2006 - 11:30

Mariska Kramer hat sneon yn Drachten it iepen Frysk Kampioenskip triatlon wûn. De topatlete besleat op it lêste momint mei te dwaan omdat se ûnwis wie oer in skouderblessuere troch in fal mei de fyts. Dêrtroch wie har swimtiid net sa sterk, mar toch wûn se. Marleen Vos fan Lelystêd waard twadde.

Henk Jan Dolsma fan Grins wûn by de manlju. Bêste Fries wie Menno Iedema fan Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)