Mariska Kramer twadde

06 feb 2006 - 08:59

By de Midwintermaraton yn Apeldoorn is Mariska Kramer-Postma as twadde oer de einstreek kaam. De Drachtster die 1.50,23 oer de 27,4 kilometer. De winst wie foar de Tsjechyske Jana Klimesova. Sy wie hast acht minuten rapper.

By de manlju wie Dainus Saucikovas út Litouwen de fluchste. Hy rûn in tiid fan 1.31,36. Remon van Lunzen fan Ljouwert, dy't him tariedt op de maraton fan Rotterdam, waard fjirde en twadde Nederlanner yn 1.34,11.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)