Mariska Kramer moat opjaan

07 maaie 2012 - 11:26
  • Mariska Kramer

Mariska Kramer is der snein net yn slagge om in nij persoanlik rekôr te rinnen op de maraton fan Vancouver. Kramer stapte nei 28 kilometer nei eigen sizzen 'leech en mei roastere fuotten' út. De ynwenster fan Drachten rûn op dat stuit oan de lieding.

Kramer hie in soad muoite mei it swiere parkoers. Foaral de heuvels foelen har bot stjin. Se wie nei de race flink teloarsteld omdat se goed yn foarm is en har sels yn steat fielde om in rappe tiid te rinnen. Kramer hopet no op in goeie Slachtemaraton op 16 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)