Mariska Kramer 4e op NK 10 km

06 sep 2010 - 14:34

Mariska Kramer is snein yn Tilburg fjirde wurden by it Nederlansk kampioenskip hurdrinnen op de dyk. De Drachtster atlete einige yn in tiid fan 34 minuten en 51 sekonden. Dat wie krekt seis sekonden te min foar in plak op it poadium. Dochs wie Kramer tefreden omdat it in swiere wedstryd wie mei in soad striid.

De grutte favorite Lornah Kiplagat wie mei 31 minuten en 42 sekonden fierste sterk foar de rest fan it fjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)