Mariska Kramer 3e by duatlon

02 maaie 2008 - 19:23
  • Mariska Kramer yn aksje (argyffoto)

Mariska Kramer is tongersdei yn it Dútske Oberursel 3e wurden by de duatlonwedstriid. By in duatlon giet it om 10 km. hurdrinnen, 40 km. fytsen en dan nochris 5 km. rinne. It parkoers wie heuvelich en foar in part oer ûnsljochte paden.

Kramer lei nei it earste ûnderdiel noch earste, mar hie by it fytsen 4 kear materiaalpech en moast dêrom úteinlik genoegen nimme mei in tredde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)