Mario Diks giet ynternasjonaal

04 jan 2014 - 14:35
  • Skiedsrjochter

De 36-jierrige Mario Diks fan Ljouwert is mei yngong fan 2014 op de list fan ynternasjonale assistint-fuotbalskiedsrjochters fan de KNVB kommen. Hy is dêrmei de fjirde Fries dy't op dy list stiet. Neist him steane dêr ek noch Erwin Zeinstra, Hessel Steegstra en Patrick Langkamp op.

Diks stie sûnt 2008 op de B-list, de op ien nei heechste kategory foar skiedsrjochters. Hy makke syn debút yn de earedivyzje yn augustus 2007 by de wedstriid tusken FC Grins en De Graafschap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)