Marine op syk nei myn

15 nov 2001 - 00:00

De eksplosive-oprommingstsjinst fan de marine hat tongersdei by Skiermûntseach dwaande west mei de melding fan in seemyn. In fisker tocht in myn sjoen te hawwen op in sânbank en warskôge de marine. Nei ûndersyk die bliken dat it gie om in diel fan in âlde kontaktmyn, nei alle gedachten út de Twadde Wrâldoarloch.

Der waard fierder neat fertochts fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)