Marilyn Monroe is wer werom

19 okt 2005 - 10:06

It waaksen byld fan Marilyn Monroe dat sneon stellen waard op it 'back to the sixties' feest yn Surhústerfean is werom. It byld hat goed twa dagen spoarleas wêst, foardat it tiisdei boppe wetter kaam. Monroe wie hierd fan in bedriuw yn Wolvegea en kostet nei alle gedachten in pear hûndert euro. Foar de organisaasje fan it feest drige dan ek in grutte finansjele strop.

It byld waard weromfûn yn de tún fan in bedriuw 300 meter fierderop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)