Marijke Brouwer wurdt haad kolleksjes by it Fries Museum

04 nov 2015 - 13:40
  • Fries Museum yn Ljouwert

Marijke Brouwer is it nije haad kolleksjes fan it Fries Museum en Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert. Brouwer wie earder direkteur fan Museum Het Valkhof yn Nijmegen. Har doel is nije oankeapen te dwaan, de kennis oer de museumkolleksjes te fergrutsjen en de posysje fan beide musea sterker te meitsjen.

Marijke Brouwer wie trettjin jier direkteur fan Het Valkhof, dêrfoar wie se konservator en haad kolleksjes en ûndersyk by it Rijksmuseum van Oudheden yn Leiden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)