Marije Kampen gjin earste mear

26 maaie 2006 - 15:41

Yngling-sylster Marije Kampen fan Starum stiet twadde nei seis races op de Holland Regatta yn Medemblik. In minne lêste wedstriid op freed koste har team de kopposysje. De boat mei Brechtje van der Werf út Snits bleau tredde. Petronella de Jong fan Sint Jabik en Marije Faber fan Snits sakken fan it twadde nei it achtste plak.

Jeroen van Catz fan Snits, stjoerman yn 'e 49'er klasse, klom freed fan it tredde nei it twadde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)