Marianne Weber rint lilk fuort

27 jul 2004 - 15:33

Marianne Weber is moandei lilk fuortrûn op it Veenhoopfestival. De sjongeres fan it libbensliet wie ien fan 'e haadacts op 'e slotjûn fan it festival. Sa waard se ek oankundige.

By har opkomst waard út it publyk wei in glês bier nei har smiten. Sûnder in noat te sjongen hâlde se fuortendaliks mei it optreden op. De organisaasje tinkt noch nei oft se stappe ûndernimme sille tsjin de sjongeres.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)