Marianne Vaatstrahyve 'net ok'

17 jan 2008 - 13:12
  • De Marianne Vaatstra-hyve waard tongersdei 'op slot' set

Op de populêre netwurksite Hyves.nl is tongersdei in Hyve oer Marianne Vaatstra op non-aktyf set. De site wie it ôfrûne wykein oprjochte troch behearder 'Ida' en luts yn in pear dagen tiid hûnderten leden en in soad reaksjes.

De famylje Vaatstra wie lykwols net belutsen by de Marianne Vaatstra-hyve en hat dúdlik wite litten dat se der grutte muoite mei hawwe. De hyve hat dêrop de status 'net ok' krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)