Maria Sterk wint Noardlaren

31 des 2008 - 15:15

Maria Sterk fan Hallum hat op âldjiersdei de twadde maraton fan dit seizoen op natueriis wûn. Yn Noardlaren wie se de rapste yn de massasprint. Daniëlle Bekkering waard twadde, Janneke Ensing tredde.

By de manlju gong de oerwinning nei Karlo Timmerman fan Staphorst. Douwe de Vries fan It Hearrenfean waard twadde, Kurt Wubben tredde. Dit trio hie ien rûntsje foarsprong op it peloton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)