Maria Sterk twadde yn Hoorn

21 nov 2009 - 22:21
  • Maria Sterk, noch yn it âlde pak (argyffoto)

Maria Sterk fan Hallum is yn Hoorn twadde wurden yn de sânde maraton dy't meitelt foar de Maraton Cup. Yn de einsprint fan in kopgroep fan fjirtjin froulju wie Mariska Huisman fan West-Graftdijk, de liedster fan it klassemint, de sterkste.

By de manlju gong de winst nei Ingmar Berga fan Hoogeveen. De Drint hie in rûntsje foarsprong op it peloton. Bart de Vries fan De Haule wie op it fiifde plak de bêste Fries. Broer Bob de Vries die net mei, mar bliuwt lieder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)